Myn Omke
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

 

Myn omke

 

 

Ik hie in hiele leave omke

fan hast hûndert jier

hy wie wat dôf

en hie griis hier.

 

Omke mocht graach damme

en puzzelje of sa

en as ik fuort gong

stoppe hy my koekjes ta.

 

Mem sei hy is wat bernsk

dêrom liet ik him altyd winne

dat is grif wol leuk

at je al sa âld binne.

 

Lêsten wie ik jierdei

en dat wie omke net fergetten

hy hat noch foar my songen

en hie de koekjes al ré setten.

 

Ik koe goed mei myn omke

en gong der alle dagen hinne

wy hiene de measte wille

en dan wie omke net sa alinne.

 

Mar juster is myn omke stoarn

noch ien koekje siet yn it trompke

dat wie fêst noch foar my bedoeld

it lêste koekje fan myn leave omke.

 

Sjoerd F Talsma

 

 

 

Tebek nei Ferteltsjes