Myn hûn en ik
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Myn hûn en ik

 

 

Myn hûn en ik moatte sa no en dan efkes rinne

dat skynt goed te wêzen foar myn ieren en myn liif

en dêrby moat ek myn hûn syn dingen dwaan kinne

sa bliuwe myn hûn en ik fansels ek minder stiif

 

as it tige min waar is ha'k der wolris muoite mei

ik haw gesoademiter mei reinjassen of oare klean

mar al is't 30 boppe of 15 ûnder nul, sa by de kachel wei

myn hûn sit der net mei, as wy der mar efkes út gean

 

myn wiif hat my ek wol ris frege "sille wy in eintsje om"

no, dan moast de hûn al mei, as it oars gjin doel hie

in eintsje kuierje sûnder hûn liket oars sa stom

om fuort te gean om neat, om dêr te kommen wêr't ik al wie

 

mei syn noas is it in feest en kin myn hûn tige opwine, mar dêrby

rint de grize my oer de grauwe as ik sjoch wêr't myn hûn oan rûkt

en dan ek noch te betinken dat'er folle skerper rûke kin as my

hy wit wat hja frette, hoe sûn hja binne as hy der echt yn dûkt

 

wol tweintich kear tilt hy de poat op, en dan ek noch efkes sitte

it soe net bêst wêze as ik ek sa faak moast ûnder it rinnen

wert it allegearre wei komt Joast mei't witte

mar foar eltse beam hat er in mieltsje, al is't soms wol stinnen

 

en alle dagen itselde fretten, ik moat der net oan tinke

foar al it moaie om ús hinne, it seit him gjin sier

en as it sa útkomt, ûnderweis, tige smoarch wetter drinke

wat in hûnelibben, mar myn hûn is altyd like blier

 

hûn en baas lykje opinoarren , sa seit men

jo kin sa sjen dat de measten dêr net mei sitte

sykje dan in kreazen út, want guon binne net om oan te sjen

foaral de kop is dan wichtich, it is mar dat jo dat witte

 

as myn hûn en ik op'n paad binne, dan sjogge wy och sa folle

hûnen yn ferskate mjitten mei lang of koart hier, meager of dik

en in bulte hûnen soe'k foar gjin goud mei rinne wolle

want myn eigen hûntsje is de bêste, sa fine wy dat, myn hûn en ik.

 

Sjoerd F Talsma

 

 

Tebek nei Ferteltsjes