Myn Doarp
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Myn doarp

 

 

Myn wenplak is it plak wer't ik berne en groede bin

hikke en tein en ik wenje dér tige nei 't sin

in doarpke wat jo nearne oars fine kinne

in moai oansjen hat as jo de skulpepaadsjes ôfrinne

inkeld tink ik wie de tiid mar stil stean bleaun

O, Tjedmar wer ha jo my ta dreaun

sa as it wie is't net mear, en sa't it is sil't net bliuwe

mar in eigen sté op'e wrâld sil my immer driuwe

ferskûle tusken it waad en 'e stêden rûnom

troch de wiidsheid fan it lân is it noch rom

de tsjerketoer dy 't sa machtich yn 't fermidden stiet

op in terp fansels want foarhinne wie it hjir wiet

omjûn mei lannen en pleatskes, in hiele protte

wer 't foarhinne de boere-arbeider op it lân omwrotte

is no't lân fol mei masines 't kin net oars dat is klear

't is de tiid, men moast mei, mar soms docht it wol wat sear

eartiids oan bakkers, slachters en oare nearing gjin gemis

de smit yn'e buorren mei hoefizers yn'e war, ik rûk it noch wolris

it libben is no sa rimpen en giet soms boppe 't ferstân

mei in mobyltsje yn'e hân kin ik skilje mei hiel it lân

en myn doarp giet mei yn 'e de tiid, gelokkich al

dat is mar goed ek want oars rekket myn doarp yn ferfal

de iene komt, de oare giet, mar elts fynt hjir syn draai

dêrom bin ik tankber dat ik hjir myn libben slite mei

nee, nearne oars as yn myn doarp soe ik berne wêze wolle

ik fiel my hjir thús, as in âlde hoed op in âlde holle.

 

Sjoerd F Talsma

 

 

 

Tebek nei Ferteltsjes