Mûske
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Mûske

 

Yn it bûske fan pake syn bloeske

sit in hiel hiel lyts mûske

somtiden sjocht hy oer it rântsje

en swaait dan mei syn hantsje

 

meastal jout hy him lekker del

tsjin pake syn waarme fel

dan snoarket hy oeren oanien

mar yniens is it koeske dien

 

want pake sil oan'e bôle

en lit pake in stikje bôle fâle

dan falt it krekt njonken it mûske

yn it bûske fan pake syn bloeske

 

mar op in dei wie it mûske dea

en dat die pake och sa kwea

ik sil it mar earlik fertelle

pake hat it mûske net út it bûske helle

 

it bloeske is troch beppe meinommen

en is sa yn'e waskmasine kommen

der koe it mûske fansels net oer

o, wat wie pake dêrfan oerstjoer

 

pake sjocht hyltiid yn it bûske

fan pake syn skjinne bloeske

mar it mûske is der net mear

en dat docht pake och sa sear

 

yn it bûske fan pake syn bloeske

siet in hiel hiel lyts mûske

no hat pake mar in knyn

want dy past der gelokkich net yn.

 

 

Sjoerd F Talsma

 

Tebek nei Ferteltsjes