Muoike (rûndiel)
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

 

Muoike (Rûndiel)

 

 

Myn muoike kin it mei har sels goed fine

dêrom kryt de âlde frijster ek gjin man.

Se hie der faak wol pineholle fan

en wie ferslaafd oan asperine.

Gjinien woe him ommers oan har bine

en se wurd sa oerémis fan in man.

Myn muoike kin it mei har sels goed fine

dêrom kryt de âlde frijster ek gjin man.

Se lit har troch gjin man fersline.

Se seit: “Wat doch ik net goed dan,

ik krij gewoan de kribels fan syn jan

en ik ha genôch oan myn trilmasine.”

Myn muoike kin it mei har sels goed fine.

 

Sjoerd F Talsma

 

 

 

Tebek nei Ferteltsjes