Mosk
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

Mosk

 

 

Tsjonge jonge jonge

in mosk dy kin net sjonge

mei in fluitsje strak rjochtút

hat hij syn ferske samar út

 

Tsjonge jonge jonge

in mosk dy kin net sjonge

mar in protter, mies of hij

sjonge wol in eigen meldij

 

Tsjonge jonge jonge

in mosk dy kin net sjonge

sjonge sa't in lyster ús wekt

mar sa is in mosk net bekt

 

Tsjonge jonge jonge

in mosk dy kin net sjonge

it tsjilpt tsjilpt tsjilpt magnifyk

in mosk is inkeld unyk.

 

Sjoerd F Talsma

 

 

Tebek nei Ferteltsjes