Minske waer
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Minskewaer

 

 

In skulpke op it strân

omjûn troch in protte sân,

seewetter en seewyn

en sa no en dan wat sinneskyn.

 

Myn faam op it strân

mei har feintsje oan'e hân

op in dei mei net tefolle seewyn

en it leafst de measte sinneskyn.

 

Myn muoike op it strân

hat mei har man in minne bân

by heech wetter en stoarmwyn

mei hielendal gjin sinneskyn.

 

Myn beppe op it strân

noch tige by't ferstân

by leech wetter en gjin wyn

rinne mei in bytsje sinneskyn.

 

It skulpke op it strân

seach it alle dagen skoan

en op'e weagen en 'e seewyn

stuts it wiislik ôf, de see wer yn.

 

Sjoerd F Talsma

 

 

Tebek nei Ferteltsjes