Melke
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Melke

 

 

Doe't ik as lyts jonkje mei myn heit te melken gie yn 't lân,

djip yn'e hjerst as de kij noch efkes bûten wêze koene

wiene de hikspeallen de beakens, op it ein fan'e reed

yn't tsjuster, mei in loft noch sêft fan dauwe sa ier op'e moarn.

 

De kij, gauris ferskûle en omjûn troch in tsjûke azem, noch yn rêst

de heimiche omjouwing en lûden wiene it, dy't it sa bjusterlik makken

om'e kij wie it meastens sykjen, steane hja tichte by as just fier ôf

by ûnleiich of stoarm waar, fan dy frekte miggen hie ik dan gjin lêst.

 

Mei spantou en ûrsalve yn'e hân en de tuolle ûnder it gat,

in koeke foar Tryntsje 6, want dy stie tafallich it tichtste by

mei in pear hoarnen fansels, alles siet eartiids noch oan

no bin de kij sûnder en mei in giel nûmer, it is wol wat.

 

Mei pet op en kile oan, de amer tusken de skonken op'e hakke

de holle tsjin it waarme bist oan en net yn sliep fâle fansels

de molke snjitte yn'e amer en ik makke gâns wat skom

goed útspeetsje fansels dêrom de ko mar efkes by't jaar pakke.

 

Dan nei de hikke rinne om't de amer fol is en moast earst leech

wylst de tjims it oan it waarme jaar ûntlutsen tate ferwurket

en it skom dêr as slachreame yn efterbleau

waard it stadichoan ljochter om ús hinne, de sinne kaam omheech.

 

Nei dat de bisten molken wiene koene wy wer op hûs oan

de molkbussen earst oan'e dyk sette foar de molkrider,

amers en tjims skjinmeitsje en klear sette foar de jûns

dan avensearje oars kaam ik te let op skoalle, ik wit it noch skoan.

 

As ik it sa werom lês soe ik it sa oer dwaan wolle

mar eartiids hie ik dêr net folle nocht oan, sa tsjin jo sein

dochs no't ik werom sjen kin op dy tiid docht it my goed

en ha dêr no soms langstme nei, as in dúnske ko nei de bolle.

 

Sjoerd F Talsma

 

 

Tebek nei Ferteltsjes