Meirider
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

 

Meirider

 

It is meastal op in snein dat myn frou en ik wolris út toeren gean efkes mei de auto der opút om de tiid om te krijen sa no en dan. Ik moat dan altiid ride fansels want myn frou hat gjin rydbewiis hja hat it wol besocht hear, mar it woe mar net slagje spitich genôch. Ik besykje dan oarden út te sykjen wer at wy noch nea west ha en dat fâlt langer net ta want wy bin nochal ris fuort west ik sis benammen wy, want myn frou "riid" altiid mei moat jo witte hja hâldt ûnderoare altiid op'e kuer hoe hurd as wy ride meie.

 

Myn frou sjocht alles hjer, hja is in betûft autorider sa njonkelytsen, ik sjoch dy eachjes dan wol gean nei it meterke foar mij "do meist hjir fyftich hjer" seit se steefêst as ik dan fiifenfyftich riid en somtiden wat slûchslim, sa as "der stie in boerd mei santich derop, stie dat dêr altiid al ju?", "mar net te hurd ride, aanst ha wy in boete".

At ik ôfremje moast, dan sjoch ik har foet wol gean en remmed hja mei dy pop, sadwaande hoech ik nea bang te wêzen foar in boete foar te hurd riden. Och, hja bedoeld it sa goed en in boete fynt hja weismiten jild en dat is ek sa.

 

Lêsten lei in dochter fan ús yn't sikehûs, om't hja in poppe krije moast. Myn frou is ien mei ús bern en hja libbet altiid tige mei, foaral nei in tillefoantsje dat it net rjocht woe en bij gefal wol "helle" wurde moast. It wie al let op'e jûn en myn frou wie alhiel oerémes, want it soe de earste beppesizzer wurde, dus hja woe dêr dochs graach bywêze, hawar, ik ried sa as gewoanlik fansels op'e limyt, krekt net te hurd mar ik fielde wol dat hja ûnrêstich wie en hast net wachtsje koe "it is no al sa let dat do kinst no wol wat hurder ride" sei myn frou.

 

Dat hie ik net earder meimakke en hie hja net sizze moatten

as gefolch dêrfan wiene wy hânsum yn it sikehûs bij ús dochter

it wie allegearre al wat swier gien, mar it is goed beteard efternei. Seis wike letter hie ik wol in grouwe bon yn'e hûs fansels, myn frou woe it earst net leauwe en makke har der mar maklik ôf se sei: "beppe wurde jo net alle dagen", ik seach har fernuvere oan wêrnei't hja sei: "en lykwols beppe wurde dat mei wol in pear sinten kostje", it hat wol foar in feroaring soarge want ik "riid" no meastal "allinne".

 

Sjoerd F Talsma

 

Tebek nei Ferteltsjes