Mei ús twaën
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

 

Mei ús twaën

 

 

As jo trouwe dan ha jo in doel foar eagen, in dream

jo begjinne mei jin twaen omdat jo fereale op inoarren binne

alle omtinken foar elkoar fansels, der is ek sa'n soart te ûnderfinen

mar dêr komt ris in momint om te soargjen foar in neiteam

 

it earste jonkje wyt ik noch bêst, is berne op in snein

it wie moai waar en de frou wie al efkes yn tarieding west

hja hie alles der klear foar stean, dus it koe mar komme

sa'n lytse poppe, och wat wiene myn frou en ik optein

 

it moast al tige wenne, alles is dan noch sa lyts en tear,

en der hiel omsichtig mei om te gean, 't is ek froulju's guod no

dy bin der ek folle betûfter yn en hja ha der "fieling" foar,

myn oare helte wie dêr goed yn, dus kamen der fansels mear

 

myn frou is och sa soarchsum foar ús bern, dêr is neat mis mei,

mar foar bern dy't sels it bierglês allang nei de mûle bringe kinne

giet it wolris wat te fier, ik seach it lokkich op tiid oankommen

en sei "dat moast oars frou, oars gean dy bern nea út'e hûs wei"

"do moast dy bern ris wat dwaan litte, oprûmje en ôfwaskje of sa,

't is goed foar letter en efter de fodden sitte as se it net útfiere"

no, it hat al holpen want hja woene letter wol graach út'e hûs wei

in eigen sté, "gearwenje" sizze se, mar hja sil de selde dream wol ha

 

kearels bin it, hja nimme mij sa ûnder de earm mei as hja wolle

se komme sa no en dan wer efkes op it âlde nêst ôf

en as hja dan ôfstutsen binne is de kuolkast leech en it bier op,

it oanrjocht fol mei ôfwaskjen en draait it ús om yn'e holle

 

wy fine it wol moai hjer, as hja oankomme, mar as se fuort binne

is't ús ek wol goed, dan kinne wy ús eigen gongkje wer gean

't is no oars as yn't begjin fansels, jo kin ek net alles ha no,

mar binne no meastal op't skik as wy mar mei ús twaen wêze kinne.

 

Sjoerd F Talsma

 

 

Tebek nei Ferteltsjes