Man op seedyk
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Dêr stie in man op seedyk

 

 

Dêr stie in man op seedyk, stil en op syn gemak

ik tocht dat is goekunde, en kin net oan him foarby

mar ik hie de man nea sjoen, it wie in frjemd foar mij

hij draaide in sjekje, foar eigen gerak

doe't ik sa njonken him stie rekke hij oan'e praat

sûnder syn each mar in tel ôf te kearen fan it waad

hij stuts syn sigaret oan en fertelde fan foarhinne, yndie

ik dwaalde ôf, en oereage it waad mei al syn ferskatens oan bisten

hokker mei drokte harren oanwêzigens blike litte mei harren twisten, slikwurken hie hij it oer en dat der eartiids minder slik wie

de eilannen spegelje op it wetter, as wurde se optilt, en ik seach

de moterboatsjes yn'e fierte tusken de slikbanken, mei it bleate each

en oer de fiskers, dat hij dy allegearre noch wol bij namme koe

de lûden rikke fier, as it wetter ôfstutsen is nei de grutte see ta

minsken koe ik dúdelik heare op'e sylboaten, dy't hja droech lein ha

hij sei dat it wetter no, oars as foarhinne, folle fierder fuortgean soe

de netten fan 'e fiskers komme dan fansels ek droech te stean

en om bij de fisken te kommen, sil dat wol mei sliklearsens gean

dat guon winters de eilannen net berikber wiene foar de sibbe

prachtige loften binne te sjen hokker meastens yn't waad oerrint

it is wier net te sjen wert de loft ophâld en it waad begjint

hij wist it allegearre, sei er, om't hij altiid al op it waad libbe

it wie in ûnwiereftig skoftke, súver spoekich en kâld

ik sei lûdop dat dat alles west hat, net mear is en in kear ophâldt

hij mompele noch wat oer ûnwennigens, en dêrnei wie it stil

sûnder dat ik it murken ha is hij fuort gien, nei't hij neat mear sei

it peukje rikke noch yn't gers mar de man ha ik nea wer sjoen dêrnei

ik kom noch wolris op seedyk, mar it fielt oars as oars, sa'n ferskil.

 

Sjoerd F Talsma

Tebek nei Ferteltsjes