Lytssoan
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Lytssoan

 

wurden net te brouwen

moatte grif noch betocht

oer in eigen wûnder

at in lytssoan is tabrocht

 

grûnlizzers fan elk laach

de namme jouwers

mei poppe wûnders

as stambeamtrochsjouwers

 

oerweldigjende grutskens

op mem en berteling

troch dit oerbarren

yn jins famylje kring

 

woldiedich ferneamd

it fierder libjen as doel

troch in benamming

't is in grutsk gefoel

 

Sjoerd F Talsma

 

Tebek nei Ferteltsjes