Lytsguod
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

Lytsguod

 

Ik fernuverje my der wol gauris oer

it lytse libbene guod om ús hinne

hja bin ôfgryslike warber en drok

mar wat kin hja dêrmei winne.

 

It liket sa doelleas en sa nutteleas

as bygelyks in bij och sa skrept

de hiele dei hinne en wer fljocht

foar alle dagen it selde resept.

 

Sa'n bij tôget huning oan en stofmoal

wat kin dêr no dochs efter sitte

is inkeld it ynstân hâlden fan'e soart

wêrfoar as hja harren opjeie litte.

 

Se libje mar efkes op dizze wrâld

en bin alle dagen yn'e stringen

yn hokker belang sil soks wêze

is it inkeld foar it huning bringen?

 

Of is 't allinnich foar de blommen

foar de natoer moat elts libben bôgje

it kin ek foar ús allegear wêze

wy kin al it moaie no oanskôgje.

 

It is it ûnbegryplike, it almachtige

it tige fernuftige ja it is in wûnder

alles, hoe lyts ek, hat syn nut en wearde

dus ek de bij, kin wy net mear sûnder!

 

Sjoerd F Talsma

 

 

Tebek nei Ferteltsjes

Bij