Lytse Gryt
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Lytse Gryt

 

Och here me tyt

wêr is ús Pyt

ik bin him kwyt

sei lytse Gryt.

 

Us geit hjit Pyt

ik bin him kwyt, sei lytse Gryt

wêr is ús geit, tsjin har heit

it is dochs mal, hy stie op stal

och here me tyt

sei lytse Gryt

ik bin him kwyt.

 

Wêr is ús Pyt

ik bin him kwyt, sei lytse Gryt

by de line, kin ik'm fine

en set him gau, oan in tou

och here me tyt

sei lytse Gryt

ik wie him kwyt.

 

Dêr is ús Pyt

ik wie him kwyt, sei lytse Gryt

hy sit no fêst, net mear ta lêst

at it sa giet, ha'k gjin fertriet

och here myn Pyt

sei lytse Gryt

ik wie dy kwyt.

 

Sjoerd F Talsma

 

 

 

Tebek nei Ferteltsjes