Lysbeth
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

 

Ut it deiboek fan kanary Lysbeth

 

 

Tongersdei te moarn 3 augustus, 7:30 oere begjint de dei.

 

In nije dei, ris sjen wat dizze dei bringe sil. It sil wol net in soad oars wêze as juster en de dei dêrfoar tink ik, ek wer neat oan fansels. Mar ik sjoch wol, ik wie dochs net fan plan om fuort te gean.

It hinget foar in grut part ôf fan wat myn bazin, Ytsje hjit se, docht hjoed. Foarearst sit ik hjir noch wol efkes te ferfelen en jou ik my noch mar efkes del. Noch mar in kear ferskikke oars wurde myn skonken ek sa stiif, net dat dat immen wat útmakket hear, mar ja ik ha der sels it measte lêst fan, dus dêrom.

Hee ..., dêr leit in nútsje, dat hie ik noch net sjoen leau ik, mar dêr bin ik ek net wis fan. Ach ja, dat sil der wol mei te krijen hawwe dat ik wat iensum en allinne bin tink ik dan wurde je miskien wol wat nuver yn'e holle.

Hawar ik moast der better om tinke en skerp bliuwe. No komt der dochs wat libben yn'e saak sa te sjen, mei in slieperiche kop giet se sitten oan'e tafel sûnder goeie moarn te sizzen. Jawol, lyk skeef ûnder my, it himd heal iepen tsjongejonge it is mar goed dat ik in froutsje bin.

Tige gapje, it hier hielendal yn'e war, nee it sjocht der net út allegearre en soe se dat no sels net yn'e smyzen ha, ik draai my mar om dan hoech ik dat net oan te sjen.

Sa ..., dit is better, wer wie ik ek alwer, ooh ja, skerp bliuwe, ja dêr moat ik om tinke dan mar efkes in pear rideltsjes sjonge fan in ûnbekend ferske. Lit my dat hjoed ris efterstefoaren besykje der is dochs nimmen dy't it opfalle sil en it is goed foar myn holle. En as ik dat dien ha dan moat ik earst mar efkes in knipperke dwaan oars duorret de dei sa lang.

 

Hoe wie dat wyske no ek alwer ach ja dat ha je der fan as je allinne mar deuntsjes sjonge wolle fan ûnbekende ferskes, dan witte je it soms net mear. No ja sis, docht dat mins de radio oan, no dan giet it mar oer, dan sjong ik net. Dat minske wol ek fan alles tagelyk dwaan, krantlêze, teedrinke, radio lústerje, smoke en ite en dan wol se har ek noch mei my bemuoie. “Pytepyt” ropt se yniens tsjin my, krekt as at alle kanarys Pyt hjitte, it is ek net te filmjen. Ik skel gewoan werom ... YtsjePytsy. Wat markeard dat minske no, hjit ik fan Lysbeth en ropt se Pytepyt tsjin my, alle kearen mar wer of soe hja seurPyt bedoele soms, nee ik fyn hjir neat oan wat in rot libben. Ik moat earst mar in sliepke dwaan, dan ha ik dat alfêst mar hâwn.

Oooh ...., heareminsken kin it no noch mâler, ik skrik my dea, stompt dat minske har kop oan myn koai, ik gisele hast fan myn stokje. No dat sliepen wie ek gjin sukses earst net sliepe kinne om dy frekte radio mei fan dy rot muzyk en as ik dan ien kear sliep dan wurd ik sa wekker makke, om gek fan te wurden fansels. Se flokt der oer, it sil wol sear dwaan tink, mar dan moatte je mar net sa stom wêze ik hingje hjir hjoed net foar it earst tocht ik, ik fyn it mar dom hjer. Mar jo heare my net klaaien hjer.

Der giet de doarbel, wat moat hjir no wer komme om in bakje kofje. Der is hast alle dagen wol sa'n frommes ding wat hjir kofje drinke moast en meastal net de slimsten dat wit ik wol. Och hea, dat is buorfrou, no, no bin wy yn'e prizen. Sa'n domme praterij as der no oan sit te kommen, je hâlde it net foar mooglik, en alle kearen de selde ferhalen en swetserijen.

Wat se ek steefêst seit alle kearen: “Hast noch in bytsje molke yn'e kofje ju, want it is noch in bytsje oan de donkere kant” let mar op it komt grif.

 

Earst efkes in mûltsje drinken nimme want fan dat fertellen krije je toarst. It wetter hat ek wol ris skjinner west ferdikke, mar ik sil net klaaie, want dat sit net yn my. Sa, der wie ik wer, o, ja dat geseur altiid oer har bern, om mar net te sprekken fan it geklaai oer har man.

Wat in sufferd moat dat wol net wêze. Ik ha him noch nea sjoen hjer mar ôfgeand op it praat fan dy kofjespleet is it net folle. En dat kin ek net oars, want dan sykje je net sa'n wiif út. No ik fyn it net slim dat se dêr mei trout is, hy is neffens my noch te bêst foar har.

Sa'n âld seur moast hielendal net in man ha. Ik ha gjin mantsje, mar ik soe net sa oer him jammerje dat wyt ik wol. Ik bin trouwens hielendal net in seurder.

 

No earst mar in poepke dwaan want dat is ek al wer efkes lyn en ik moat net ferstopje troch dy rottige nútsjes. Ik doch it sa fan it stokje of en prebearje dan te foarsizzen wer as it delkomt. En meastal slagget dat net, want ik wit noait hokker kant as it útfljocht.... sjoch, no kriget buorfrou al in bytsje molke, ik sei it al fan te foarren.

No, ik sjong leau ik noch mar in ferske dan kin ik se wat pleagje want dêr ha se gjin nocht oan, as hja sitte te praten en ik sjong der troch hinne ooh nee hjer. Ik doch soks wol ris mei opsetsin, mar kin it net te mâl dwaan want dan smyt se in teedoek oer myn koai en dêr ha ik dan wer in hekel oan. Lêsten hiene dizze beide it oer my, dat wol sizze myn Ytsje en har buorfrou.

Ytsje is wol goed hjer dy fynt my wol aardich. Mar dy teemûtse fan in buorfrou hie it der oer dat se leaver hinnen hie want dy leinen teminsten noch aaien, sei se. Ik mei dat minske net lije as is it noch sa, ik kin der neat oan dwaan mar it is gewoanwei myn type net.

En se sei dat net eltse kanary sjongt, mar hoe kin sa'n domme tut dat witte en lykwols hat se thús altiid de tillevyzje oan sei se. Wat tinkt sa'n wiif wol net om my te fergelykjen mei in hin? Wat in minachtsjen foar my, dat mins doocht echt net, dat sis ik, mei al har kwaaltsjes en mar sillich dwaan.

Gelokkich giet se no krekt fuort, dat sil ek tiid wurde, want ik bin accuut oan rêst ta. Ik ha gjin asprientsjes, mar oars soe ik ien nimme, wat in mins, mar sa is it alle kearen.

 

Mar no, ik warskôgje mar efkes, komt der in hiiiieeeel saaaaiii skoftke oan. Moeke de frou giet efkes lizzen sjoch, earst in stikje bôle yn'e kiel stekke en dan giet it hinne, langút op'e bank. Oars dan die ik it fel ek efkes oer de eagen, ik bin der no wol oan ta moat ik sizze, mar dat kin ik wol ferjitte want Ytsje snoarket nochal wat, ja sis mar net sunich, en dêr mei ik nei lústerje it is gewoan bistemishanneling, mar ja wat kin ik.

 

Ik kin net efkes in rûntsje om gean, dat giet net. Ik moat leau ik earst myn wjukjes mar efkes útstrekke en sjen wat foar ûntúch der ûnder sit ... en ek al flean ik noait, in pear oefeninkjes op syn tiid kin fêst gjin kwea ...sa .. lekker ... 't is trouwens ek ûnbegryplik dat dat minske lizzen giet.

Docht hja alles rjochtop en as se sliepen giet dan giet se lizzen, nochal wides dat hja snoarket it rint gewoan ticht. Ik mei net sjonge as sy op'e bank leit, o nee ... dat wurdt my net yn tank ôfnommen, no ja dan hâld ik my mar stil, as se dat graach wol, ik bin de beroerste no ek wer net.

 

Sa rûn fjouwer oere dan begjint it wer wat te libjen hjirre. Noch mar efkes sjen as der op de boaiem ek wat te fretten leit.

Ik ha hjoed ek noch net ûnder west, ja ien kear om te drinken, mar oars net, en ik sykje no om iten. No der leit net folle mear, ik hoopje dat ik aanst noch wat te fretten krij, oars moat ik mei honger de nacht yn.

Dan doch ik myn fjêrkes mar ... efkes sjen wer bin ik juster ek alwer opholden. Ik leau by myn rjochter efterpoat... nee dat kin ommers net, ik ha mar twa skonken in lofter en in rjochter, mear net, hoe kom ik der dan by ..ûnbegryplik, soe ik oerspand wêze kinne. It soe samar kinne fansels mei sa'n drok libben.

 

No ja, ik hoech my eigentlik nearne drok om te meitsjen mar dochs doocht it net. No sit Ytsje alwer te iten, de damp komt der ôf en Lysbeth frekke fan de honger fansels...mar net nei sjen .... wat Ytsje allegearre nei binnen skout, mar efkes omdraaie tocht ik.....ris sjen, dy fjêrkes dus lizze der noch goed by, it is ek noch net sa lang lyn fansels dat ik hjir west ha dus dat kin ek hast net oars, hawar hjir en der in lytse korreksje en ik sjoch der wer pykfijn út.....

 

Sjoch de tillevyzje giet oan fansels ja dat tocht ik al, sa let is it wer hê, je kinne de klok der sawat op lyk sette. Hjoed wer gjin ferrassingen te ferwachtsjen sjoch ik wol, wat is it libben ientoanich dochs, no ik der sa oer neitink. Sa al mei al is der net folle oan Lysbeth.

Hark; der giet de tillefoan ik skrik der suver fan en krekt fansels no't ik efkes sjonge soe...it wurd my gewoan wei ûnmooglik makke en as it sa troch giet dan komt it der hjoed ek net fan, mar ik sil net klaaie.

 

“Ja ...., mei Ytsje” seit se, want oars wit dy oare net as dy mei Ytsje skillet sjoch. As ik it petear sa hear dan giet Ytsje in wykeintsje fuort, wel ja, dat kin der ek noch wol by lit my hjir mar allinne efter.

En dan mei dy kofjespleet fan hjir neist wer op my passe tink.

 

At Ytsje hiel inkeld wol ris in pear dagen fuort is dan moast hja my wetter en fretten jaan, mar dat komt der net altiid fan, hja slacht dan wol ris in dei oer omdat se my fergetten is. En Ytsje har mar betankje dat se sa goed op my past hat grrrr.....de grize rint my dan oer de grauwe. Mar ik sil net seure, Ytsje moast der ek ris út no. It binne lange dagen hear sa allinne, mar ik bin altiid posityf want ik kin dan sjonge safolle as ik wol.

Tsjonge, jonge wat stiet dy tillevyzje lûd, Ytsje koe wol dôf wurde tinkt my, hy mocht om my wol wat sêfter, mar nettsjinsteande dat, wurdt ik no dochs wol in bytsje slûch, soe it hast tiid wêze dat wy de lûken slúte kinne? Oan Ytsje te sjen noch net, nee Ytsje is in taaien ien dy hâldt it lang út.

 

Mar ja, sy sliept middeis ek en dat wurdt my net gund fansels ik lûk altiid oan it koartste ein. Wat fretten sa no en dan en wat wetter, heechút ien kear yn'e wike nije flierbedekking en dan moast it út wêze dat ha ik wol troch.

En ik moast alles mar oer my hinne komme litte.......ik leau ferdomd dat Ytsje belies jout foar hjoed, teminsten der liket it op.

 

No, dan kin ik my einlik deljaan. En dan sjoch ik wol wat moarn ús bringt it sil wol wer net folle wêze, mar .....”och Pytepyt hast hjoed noch gjin fretten hâwn jonge, ik soe it hast ferjitte, och siel, no dan jou ik dy noch efkes wat want op in lege mage wol it net sliepe.” Ytsje giet op bêd en docht it ljocht út, .... dus no mei ik myn iten hjir yn neare nacht byinoar sykje tink, it is dochs by it hufteriche om't ôf, mar ja soks flikt se my wol faker en it is betiden om gek fan te wurden, no ja ..... sa gek as in kanary, so to speak. No, ik jou my mar del mei in lege mage en dat fretten leit der moarnier noch wol, ik ha dochs gjin kar en gjin sin mear as it sa moast.

Sa dat wie it wer foar hjoed, oant moarn mar wer,

Lysbeth.

 

Sjoerd F Talsma

 

 

 

Tebek nei Ferteltsjes