Lokkich
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Lokkich

 

 

As it no is om'e blidens en trou fan in hûn

de geur fan in simmerreintsje by jûn

dat in mûske noflik yn syn holtsje leit

of omdat stilte faaks in hiel protte seit

 

de ljochte puntsjes yn in swarte nacht

hâld immer each foar al dy pracht

opdat de wurklist fan dyn libben efternei

hiel lokkich wêze mei.

 

Sjoerd F Talsma

 

 

Tebek nei Ferteltsjes