Lok en fertriet
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Lok en fertriet

 

mei wolmiende belutsenheid

lokkich wêze om it gelok fan in oar

op in plak wer't lok en fertriet

inoarren hast oanreitsje kinne

lok en fertriet, it binne mar wurden

en elts jout der in eigen lading oan

gûle fan gelok of gûle fan fertriet

in earm fan meilibjen om je hinne

docht in minske tige goed

want lok en smert mei inoar diele

jout teminsten in gefoel;

je drage it net allinne

 

 

Sjoerd F Talsma

 

 

Tebek nei Ferteltsjes