Libbensboek
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

 

Libbensboek

 

Sûnder kaart oft weiwyzer

bin ik op paad gien en ûnseker

plante ik myn earste

fuotprinten

op ferriederlike paden smel

steile bedelten komme

en gean

bergen riizje fergjend

ta kânsen

oan'e sinne boppe de wolken

wol ik my waarmje

oant ik modder oan'e kloet ha

mar troch soere appels

gauris sûnder slokken

sêd wurden

want it kin samar reine

by kleare sinneskyn

in paad mei emoasjes

hokker touterjen bliuwe

it is allegearre optekene

yn it boek oer myn libben

mar myn libbensboek bliuwt ticht

it is dochs foar nimmen te lêzen

en ik ha it al út, oant no ta.

 

Sjoerd F Talsma

 

Tebek nei Ferteltsjes