Lette dochter
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

 

Te lette dochter

 

 

It wie op in kear dat myn dochter nei in 'feesy', sa as hja dat neamd, ta soe en se soe net sa let thús komme. Hja wie net sa faak fuort en sa no en dan dan moat soks kinne ek al is se noch mar santsjin hier. Roun de tiid dat ik op bêd gong wie se noch net thús en dat foel my earlik sein in bytsje ôf. Mar ja, hja binne jong en dan ferjitte je tiid en thús al rille gau. Ik hie der alris ôf west om te wetterjen, mar hja wie noch altyd net thús en it wie no dochs al trije oere west. Ja, dan begjinne jo as âlder wol in bytsje te twifeljen fan moat ik der ek efteroan of soe der wat bard wêze. It sil wol âlderwetsk wêze mar ik wol graach goed op myn famkes passe. Ik tocht ik jo my mar wer del, en bin doe mar wer njonken it wyfke lizzen gien. Sliepe woe it net fansels, mar as jo dochs wachtsje matte dan kin dat foar it selde lizzend.

 

It duorre net sa lang dernei dat ik de doar fan de graasje hearde. Ik fan bêd ôf, want ik wol wol witte wat foar folk der sa al yn myn hûs komt. En ja, der wie myn dochter einlik, fiersten te let fansels mar se wie yn eltsengefal wer thús. Ik stie op in tsjuster plakje yn'e keamer doe't hja de keuken yn stapte. Se besocht om hiel stil te dwaan want se woe ús net wekker meitsje fansels. Ik seach wol dat se net sa fêst mear op har skonken stie en mei dat stil dwaan foel it ek ôf.

 

Ik sil har mar efkes goeie moarn ta winskje tocht ik sa want jo moatte altyd it goede mei jo bern foar ha no, en sa kaam se ek op my ôf. “Goeie moarn, wer komst do sa let wei” sei ik. Jonge wat waard dat famke kjel, hja hie it net mear en stie te skodzjen op har dochs al sloppe skonken. “Goh... dat mei heit noait wer dwaan om my sa skrikke te litten, dat is gemien hjer!” sei se. En dat wie ek sa fansels, it wie net goed fan my, en boppedat hie se ek noch wat yn har broek dien troch de skrik. De oare deis wie se it noch net fergetten en it is my noch lang kwea-ôf nommen mar myn dochter hie it boadskip goed begrepen, en dat wie no krekt de bedoeling.

 

Sjoerd F Talsma

 

 

Tebek nei Ferteltsjes