Lekker iten
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

 

Lekker iten

 

 

Jierren ferlyn hat myn frou in pear dagen nei Parys west mei in freondinne fan har. Dy freondinne hie in reis wûn foar twa persoanen: in pear dagen Parys. Mar se wie frijfaam en dêrom hie se myn frou frege om mei te gean. No dat wie bêst genôch. Yn oerlis mei my fansels, hat se besletten om mei te gean, want it like har ek wol nijsgjirrich om ris yn Parys te sjen.

Doe’t ik har fuortbrocht hie en wer thúskaam, lei der in plastic pûde op it oanrjocht. Dy lei der noch net doe’t wy fuortgiene. Der hie dus immen yn ’e hûs west yn de tiid dat ik fuort wie en dan haw ik ek leaver dat se wat bringe as wat weinimme. Doe’t ik de pûde iependie seach ik wat bonkeguod mei wat fleis dêroan. Dat hawwe wy wol faker, wat bonken by de slachter wei, om út te sieden of foar de earte te brûken. Dat fine wy och sa lekker.

 

No’t ik dochs allinne wie en foar myn eigen iten soargje moast, stie it menu foar de jûns al fêst. De bonken haw ik earst efkes stikken slein, want dan kin it murch der ek útkomme. Ik haw fuort in panne wetter op it fjoer set en de bonken deryn, want soks kin wol in moai skoftke opstean foardat it goed útlutsen is. In pear oere letter haw ik de bonken derút helle. It rûkte lekker en der siet wol aardich wat fleis yn'e panne. Noch in pear sipels dêryn en noch wat gear wurde litte, in pear jirpels siede en klear wie myn miel. Myn eigenmakke hasjee. Jonge, wat haw ik dêr twa dagen lekker fan iten.

 

Doe’t myn frou wer thúskaam fan har reis hie se grutte ferhalen fansels. Wat hja belibbe hiene en wat der allegearre te sjen is en dat Parys sa grut is en gean sa mar troch. Hja hiene lekker iten hân en in bêst bêd en keamer, no, wat wol in minske noch mear. Ik wie tige bliid fansels dat hja it sa moai hân hiene. “Hast ek lekker iten of hat de patat boer it drok hân?” frege se my.

“Ik haw alderhearlikst iten en it wie lekker maklik ek noch”, liet ik har witte. Ik fertelde har hoe’t it gien wie. Hja rûn hielendal read oan. Ik frege har wat deroan skeelde sa gau en koe net sjen wat se no woe, laitsje of gûle.

“Mar dy bonken wiene foar ús hûn”, sei se, “ik haw fergetten om tsjin dy te sizzen dat dyn skoansuster hjir bonken bringe soe, omdat se wat te folle hie foar har eigen hûn en dat wie alwer in pear dagen ferlyn. Stonken se net?”

 

“No, dêr haw ik neat fan fernommen”, sei ik. Ik haw it ferskate kearen oanhearre moatten fansels, mar ik haw der lekker fan iten, dus it sil wol net ferkeard west hawwe.

 

Sjoerd F Talsma

 

 

Tebek nei Ferteltsjes