Lectori Salutem
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

 

Lectori Salutem

 

Ik skriuw dit foar de aardichheid

en as jo dat moai fine is it meinommen

it hoecht net perfoarst hear

der is net in lêzer gelyk fansels

en ik kin it jo ek net freegje no

sis no sels, wer hâlde jo krekt fan

want der is kar te oer

en jo kinne dit sa oan'e kant smite

as jo wolle

jo binne nearne ta ferplichte

mar betink wol dat de tiid

dy't jo no lêzen ha dan ferlern is

as jo it net ôflêze en nea witte sil

dat dit oer jo giet as lêzer

dat jo stimulearje om te skriuwen

want sûnder skriuwers gjin lêzers

mar oarsom giet dat ek op

dêrom wol mient:

"heil foar jo lêzer”.

 

Sjoerd F Talsma

 

 

 

Tebek nei Ferteltsjes