Leafde
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

 

Leafde

 

Myn leafde foar dij is grut myn leafste,

net te fertellen, súver te machtich

dyn wêzen, dyn hier dyn eagen

alles oan dij is prachtich

bij dij te stean, njonken dij te rinnen,

mei dij te praten, dat is't libben foar mij

myn hert slacht oer, ik ken neat mear sizze

as't seist " ik bin fan dij"

foar dij wol ik libje, mei dij wol ik libje,

sûnder dij kin ik nea mear

alles wol ik foar dij wêze,

as't mar net fuort giest,

want dat docht sa sear

as soe alles mij ûntnommen wurde

wat mij leaf wie oan't no oant ta,

mei dij oan myn side, alle dagen wer myn leafste,

soe'k dêrfan gjin spyt ha

âld wurde mei dij, dan is myn libben slagge,

o, as dat ris barre mocht

dij lokkich meitsje, ik doch der alles foar

al giet it soms oars as ik tocht

ik sil nea ôfjaan yn myn stribjen

om just dij lok te bringen

om't ik fan dij hâld myn leafste,

úterre yn ús gouden ringen

nei in oar sil ik net omsjen, libbenslang net

want boppe dij giet dochs neat as bêst

sa sil it wêze, sa sil it bliuwe oant yn ivichheid

myn leafste, dat stiet fêst!

 

Sjoerd F Talsma

 

 

Tebek nei Ferteltsjes