Kroechbaas
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Kroechbaas op wintersport

 

 

It giet der rûch omwei as in kroechbaas op wintersport giet.

Sa hearde ik in ferhaal oer in kroechbaas, lit ús sizze dat hy

Durk hjit, dy't nei de snie west hat mei freondin en freonen.

Nei in pear dagen wie it nije der alwer in bytsje ôf en dêrfoar ha hja dêr de “Vergnügte Sechs” betocht. It is in soarte fan arrangement, alles yn ien, skie, inkl. lift, drinken en apréski, de hiele reutemeteut foar ien priis.

 

Durk tocht noch in momint dat it om seks gong, mar der hie it neat mei fan dwaan, hja soene seis kear mei de lift nei boppen ta en dus seis kear op ski's nei ûnderen.

Eltse kear as se dan wer ûnder wiene wie it de gewoante om íén snaps te nimmen, ta ferheging fan de feestfreugde, eart se wer mei de lift gongen. Mar it smakke Durk sa goed dat dy meastal wat mear naam dan ien.

 

Mei de lêste gong nei boppen ta wie Durk syn ski's kwyt rekke, hy miende wol dat hy se mei nommen hie en wist wer as

hy se delset hie, mar hy seach se net. No is Durk net sa gau benaud en dy ski's dy komme wol wer boppe wetter tocht er. Oermoedich troch de drank soe hy wol efkes op syn ski-skuonnen bij de piste del yn stee fan mei de lift. Dat soks net wol wie net by him opkommen.

 

Dravend en sljurkjend gong hy by de piste del. Mar op steile stikjes geane je aloan hurder en dan koe Durk syn lykwicht net hâlde. Sa is hy mannich kear fallen ek troch de drank fansels, en doe tocht er ik bliuw mar lizzen, se helje my hjir mar wei. Hy wie nochal hurd op syn achterholle fallen en dat jûke net. Hy hie der in pypskoft lein doe't der in holle boppe him hong en frege “Was wollen sie, steh auf”.

 

Durk sei op syn boere Dútsk dat hy wol nei ûnderen woe, mar dat dat net tafalt mei dy rot skuon. De Dútser woe him wol helpe, sels ek nochal aardich preaun, sei hy tsjin Durk dat hy wol by him efter op'e ski's stean koe, en as hy him dan mei de earmen om'e mul goed fêst hâlde dan kaam it grif klear.

It like Durk wol in goed foarstel om mei de Dútser mei te liften. Durk sette syn skonken efter op'e ski's en sa soene hja leppeltsje oan leppeltsje glydzjen gean. Earst stadichoan fansels mar it gong al hurder en hurder.

 

Durk woe him wol fest hâlde, mar de Dútser hie nochal in grauwe bierbúk sadat Durk him lang net omklamme en de hannen net byinoar krije koe, dêrom foel it net ta om him goed

fêst te hâlden. It gefolch dêrfan wie dat Durk wer hânsum mei syn dronken kop op'e snie klapte. De Dútser stoppe en hja besochten it foar de twadde kear.

 

Dis kear gong it goed en sa wie Durk dochs noch mei in “skilift” nei ûnderen ta rekke. No it sa goed ôfrûn wie stelde de Dútser foar om mei harren twaën nei de apréski te gean om noch efkes op'e goede ôfrin te proasten. Hja hiene it tige nei't sin en de drank klokte lekker it keelsgat yn. Boppedat koene Durk en de Dútser it goed mei-inoarren fine. Se songen en praten oan ien wei troch en sa fertelde Durk hoe't hy op'e piste teloane kommen wie.

"No", sei dy Dútser "dat hie my ek oer komme kinnen, mar doe't ik boppe wie stiene der gelokkich in pear ski's sûnder eigener en doe haw ik dy mar ûnder dien." Doe waard it Durk dúdlik dat hy in lift hâwn hat fan dy rot Dútser, op syn eigen ski's. Mar ja, wat kin je no oars ferwachtsje fan ien dy't op syn achterholle fallen is.

 

Sjoerd F Talsma

 

Tebek nei Ferteltsjes