Keatsen
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

 

Keatsen (Sjoch ek PC Frjentsjer)

 

 

Merkekeatsen, it is der al sa lang en sit ús yn it bloed

de histoarje út ferfleine tiid fan âld keatsers is sprekkend

en mei de jonge striders, de tûke helden fan hjoed

is der wissichheid foar de takomst, dêr't elts op rekkent.

 

Sa'n sierlik en unyk barren yn Fryslân lit jin net kâld

folkloare, jawol mar topsport safolleste mear

it Fryske spul mei de bêste keatsers fan'e wrâld

kom sjen, nei de striid op it gers om'e heechste ear.

 

As bern oefenje, dan keatse kinne en dan de priis winne

yn 't grutte spul stridich en tsjin alles wat tsjin is

de bal bûten, seach de karmaster dêr dan wol hinne

no wurde ús al wer twa punten ûntstellen, dat is wol wis.

 

Yn'e hannen spuie en de mouwen opstrûpe

de keatswant noch mar efkes stiver oan 'e hân bine

it moat foarkomme dat hja noch tichterby krûpe

de spanning rint op, de bal moast net bûten de line.

 

In boppeslach of kwea, in bôgigebal, of krekt in hurde

is de keats foarby of wurdt it mjitten, it skeelt net folle

fiif earsten en seisgelyk, it kin de lêste slach wurde

nearne oars op'e wrâld soe'k dan wêze wolle.

 

En as ik op it keatsfjild stean mei de list yn'e hân

de pompeblêden my weauwe, my sels dan hast ferlies

as myn hert in slachje hurder slacht op it hillige lân,

dan fiel ik my och sa grutsk en in oprjochte Fries.

 

Sjoerd F Talsma

 

 

Tebek nei Ferteltsjes