Keale plasse
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

 

Keale plasse

 

 

Els har heit hat in keale plasse

der moast se goed op passe

se mei him altyd poetse

dan is hy glêd ûnder de mûtse

 

har mem dy skeard him keal

en dat docht se net heal

se skeard elk lyts hierke

yn net langer as in kertierke

 

dêrnei smard Els der oalje op

op har heit syn âlde kop

dan goed út wreauwe

jim kin it fêst net leauwe

 

se sjogge har heit nei op strjitte

dat kin de minsken net litte

it is de grutskens dy't it wint

at se dêr neist har heit rint

 

der binne no hiel folle

mannen mei in keale holle

har heit hat de moaiste dat is wis

gewoan, omdat it har heit is

 

Sjoerd F Talsma

 

 

 

Tebek nei Ferteltsjes