Katsjes
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

 

Katsjes

 

hja lizze allegearre sa noflik tsjininoarren oan

en hja fiele sa sêft oan, as jo se efkes aaie

sok moai en glânzich hier, mar och sa tear

sa leaflik, dat jo wolle se fuort wol meinimme

 

foaral de earste dagen bin' hja op harren moaist

dêrom wurde hja somtiden dochs meinommen

mar dat is net goed, want dan libje hja net sa lang

goed oan 't drinken sette, wol noch wolris helpe

 

de measte minsken snije se mei in mês of in skjirre

't is in griis want dêrtroch wurde hja tige ferwûne

sûnder euvelmoed sizze hja dan "it docht net sear

en in faas mei katsjes op 'e tafel stiet och sa kreas".

 

Sjoerd F Talsma

 

 

 

Tebek nei Ferteltsjes