Kabeltsjeleafde
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

Kabeltsjeleafde

 

Ik learde har kinnen op ynternet

't wie tafal fansels dat ik der kaam

mar 'k wie der fuort oan ferslave

want no hie ik samar in faam

 

myn fantasije gong syn gong

de leafde bleau net út

en omdat der oars neat wie

joech ik it skerm mar in tút

 

ik wol dy hiel graach sjen

dat typte ik meastal rille gau

ik wol witte wat ik sa leaf ha

want faaks is it gjin frou

 

ik woe se earst op sicht

want wat ik al net tsjin kaam bin

sa wie der ien dy woe mij trouwe

foar in oaren wie ik te min

 

kabeltsjeleafde, ik ha't wol hân

wurden efter glês binne it

it jout in protte frustraasje

en dat is net goed foar 't lid

 

fibersex is neat foar my

it hat gjin lekker lyf

kreas of net sa kreas

der giet neat boppe in echt wyf

 

Sjoerd F Talsma

 

 

Tebek nei Ferteltsjes