Jou my leafde
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

 

Jou my leafde

 

 

jou my leafde frou

lit my ivich tinke

iennichst as de sinne

immer it ljocht bin

 

jou my leafde frou

lit myn eigen stiivje

om't ik mei sêfte krêft

himelsk wêze kin

 

jou my leafde frou

lit ús herten weakje

en altyd welle

yn leafde en sin

 

jou my leafde frou

lit my ien wêze

en râne yn leafde

mei dy, myn goadin

 

Sjoerd F Talsma

 

 

Tebek nei Ferteltsjes