Jiertiid
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

 

Jiertiid

 

 

Brûzjend libben

Optilde maitiids grûn

De earstelingen

Hawwe it ljocht wer fûn

 

Langer daagje

Yn simmerske kleuren

Kuoljend wyntsje

Mei in mjuks fan geuren

 

It oan'e beam ûntfallen

Blêd dat al dea achte wie

Mar op in hjerst twirkje

Noch jeuchlike spronkjes die

 

Winterske winterdei

Strak blau'e loften

Mei wolken fan

Grutte guozzekloften

 

De fergonklikheid yn tiid

Foar ivich foarsein

Alles op in eigen wize

En troch Goaden fêstlein

 

Sjoerd F Talsma

 

 

Tebek nei Ferteltsjes