Jehannes Grôt
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Jehannes Grôt,

 

Eartiids helle de jongerein fan Tsjummearum wol grapkes út hokker amper koene.

U.o. dizze: Sa libbe yn Tsjummearum in man neamd Jehannes Grôt. (Sa waard hy altyd neamd, Jehannes Alkema is syn eigentlike namme en wenne yn it earmhûs yn'e lytse buorren, bij 'vader en moeder' de âlderein kin him fêst noch wol.) It wie al in âld mantsje en hy swalke altyd op'e dyk om yn in groffe manchesteren broek en jas, swart en feal, en in grutte pet op'e holle. Ik tink dat at hy jûns de broek út die dat dy gewoan rjochtop stean bleauwe soe mar dat wyt ik net seker.

Syn âlde, troch tearen tekene antlit hie stéfêst yn beide mûlehoeken in jarre goatsje.

De man wie nammentlik in betûft prûmker. Hy hie altyd in prûmke tabak yn'e mûle en koe der blykber net sûnder. Doe't op in kear ien fan'e jongerein in leech prûmtabak pûtsje fûn, ik leau dat it Piet flyp oft Sûre sip wie, kaam der in plantsje by harren op. Jehannes hie ek de gewoante om lege pûdsjes sjek oft prûmtabak fan'e dyk op te pakken om te sjen oft der ek noch wat foar him yn siet. Dat wie fansels in útlêzen kâns om him te fiter te nimmen. Hja diene it pûtsje omsichtig heal fol mei stront en leine dat op in plakje sa dat Jehannes dat stéfêst sjen soe. Se tochten sa dat at Jehannes dat pûtsje ek neisjen soe en dêr dan syn fingers yn stekt om te fielen oft der noch wat foar him yn siet, dat hy dan mei syn fingers yn'e stront taaste soe. En sa kaam it ek. Jehannes fûn it pûtsje en sa at al foartocht wie kaam út. Syn fingers sieten ûnder de stront en nei dat hy der oan roken hie feide hy se ôf oan it gers en dernei oan syn broek. Dêrnei flokte en tjirge hy him nochal en gong dan al prûmpkjend fierder. Dat grapke hat trije kear plakfûn wyt ik wol en wy ha der doe tige om lake mar dernei wyt ik net wat der mei Jehannes bard is want ik ha nea wer wat fan oft oer Jehannes Grôt heard.

 

 

Sjoerd F Talsma

 

 

Tebek nei Ferteltsjes