Jakob slak
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

 

Jacob slak (stiet ek yn "it Grutte foarlêsboek" útjûn troch AFUK)

 

 

Jacob slak, Jakob slak

hy docht alles op't gemak

Jacob slak, Jakob slak

hy komt amper fan syn plak.

 

Hy wol net sa hurd

want Jakob is in slak

en hat in húske op syn rêch

hy docht alles op't gemak.

 

Nei in hiele lange dei

At Jakob lekker ite wol

yt hy hiele lytse bytsjes

want syn húske is al fol.

 

At Jakob sliepe sil

yn syn eigen slakkehûs

dan lûkt er him werom

en is hy samar yn'e sûs.

 

Soms smyt er syn húske ôf

en springt er ut'e bân

dan giet er as neakenslak

nei it neakenstrân.

 

Sjoerd F Talsma

 

 

 

Tebek nei Ferteltsjes