It Krystmiel
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

 

 

It krystmiel

 

Elk jier, sa tsjin de ein fan it jier is it wer desimber, in donkere moanne mei

meastentiids kâld en wiet waar. In pear dagen springe derút as it giet om it

famyljebarren. Dat binne Sinteklaas en Kryst fansels. En benammen yn ’e

krystdagen komme wy nochal gauris byinoar oer de flier. Myn frou en ik meitsje

dan in krystmiel klear en dat is oant no ta altyd tige slagge, moat iksels sizze. Sa

wie der in jier dat wy betocht hiene dat wy mar oan ’e hazze moasten. It is wer

ris wat oars en se sizze dat it tige smakket en wyld ite mei de Kryst, hat wol wat.

 

It resept wie foar hannen en wy hienen der in protte wurk fan makke. Doe’t de

sibbe kaam wie alles ree en der wie mear as genôch lykas meastal, mar jo wolle

mei sokke dagen ek net te min ha. Se skepten mar op en priizgen de makker fan

dat godlike iten en dat gie der by my wol yn fansels. Elts hie nei ôfrin it liif fol en

it hie tige goed smakke, seine hja. Doe’t wy nei ôfrin fan it miel sieten te

bekommen sei ik dat it my striele dat hja it sa lekker fûn hiene en dat ik noch

wol in lyts ferhaaltsje fertelle moast hoe’t it gien wie mei de tarieding en hoe

stom as ik west hie.

 

“Doe’t de hazze gear wie”, sa sei ik, “haw ik it fleis allegearre bonkefrij makke en

dêrby de kûgeltsjes derút fandele dy’t ik tsjin kaam wie. Dêrmei hie ik dus in

panne mei bonkefrij fleis. As jo sa dwaande binne dan meitsje je in hiele protte

ôffal en dêrom tocht ik, ik sil earst mar ris wat opromje.” En sa sei ik dus tsjin de

gasten dat ik de panne mei bonken ek fuortsmite soe, mar doe’t ik by de

kontener wei werom kaam by it oanrjocht, bliek dat ik by fersin de ferkearde

panne lege hie. Stom fansels, mar ja, elts minske makket wolris in flaterke. “Ik

ha doe”, sa sei ik ûnder it bekommen, “de panne mei de bonken mar mei nei de

kontener ta nommen, ha dy lege en ha doe it fleis der mar wer úthelle. It siet

hjir en dêr al wat tsjin de kant oan, mar dat liet him der wol ôfskrabje”, sei ik,

en sa hie ik myn flater dus wer goed makke. Gewoan efkes ferruilje en klear wie

it.

Us gasten waarden frijwat stil ynienen en ek in bytsje skraal om ’e holle, mar ús

bern en sibbe wisten wa’t it sei en dat ik soks dwaan soe. Dus efkes letter kaam de

fleur der al wer yn gelokkich.

 

Mar it wie wol stom fan my.

 

 

Sjoerd F Talsma

 

 

Tebek nei Ferteltsjes