It is oer
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

 

It is oer

 

It is oer, it is foar altiid oer want as ik werris mei dy frij

sit yn my net mear dat fjoer wat ik foar dy ek nea wer krij

it is oer, do bist in sloer it leit him allegear oan dy.

 

Ienris wiest myn leave pop do wiest ek sa wiis mei my

doe stie de leafde noch foarop ik tocht allinne mar oan dy

no stiet alles op syn kop de leafde is foargoed foarby.

Wy ha neat mear mei elkoar want der is gjin leafde mear

do frijst ek gauris mei in oar dat docht myn hert sa sear

dêrom wiis ik dy de doar mei dy bin ik wol klear.

Ik wol ek net mear oan dy tinke sa't ik yn't begjin wol die

myn bloed kinst no wol drinke 't is myn skuld sa 't it altyd wie

gelok koest my net skinke dat ik dat net yn'e smizen hie.

No ha 'k eltse dei in oare frou tinne, grauwe, swart of wyt

ik bin oan nimmen trou mar sit net mei dat ferwyt

it rint wol gauris ut'e klau dêrfan ha ik oant no gjin spyt.

 

It is oer, it is foar altiid oer want as ik werris mei dy frij

sit yn my net mear dat fjoer wat ik foar dy ek nea wer krij

it is oer, do bist in sloer it leit him allegear oan dy.

 

Sjoerd F Talsma

 

 

 

Tebek nei Ferteltsjes