In wier petear
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

 

In wier petear

 

 

Op in dei doe´t ik der wer efkes út wie mei myn

hûn bin ik ferskate minsken tsjin kommen.

Guon sûnder hûn, mar fierwei de measten mei.

Sa no en dan bin der minsken by hokker wol in

praatsje meitsje wolle en sa wie it ek diskear.

In frommeske mei twa hûnen seach ik fierderop

op mij ta rinnen. Doe´t hja hast by ús wie rôp hja

har hûnen en dy kamen warempel fuortdalik

oanfleanen. "Dy ha jo mar goed ûnder de tomme"

sei ik tsjin har.

"Och ja" sei se, wylst hja my de koekjes sjen liet

dy´t se yn har hân hie "foar in orale befrediging

wolle se wol komme."

"No ik .. dêrfoar.. eh .. foar sa´n lekker koekje

soe ik ik oanfleanen komme" sei ik.

" Ja dat sil wol" sei se "noch in noflike dei hjoed."

"Ja it selde hjer, goeie."

 

Sjoerd F Talsma

 

Tebek nei Ferteltsjes