In mirakel
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

 

 

In merakel

 

 

Ik ha eartiids wol yn ’e bou wurke en dêr waarden altiten wol grappen úthelle. Ien dêrfan wol ik wol mei jo diele. By it bouwen fan in nij hûs wiene der in hiel protte minsken oan it wurk: grûnwurkers, opperlju, timmerlju, mitselers ensafuorthinne. In protte en ferskate minsken dus. Der wie ek in al wat âldere man dy’t fan natuere gesach útstriele en tige serieus wie yn al syn dwaan en litten. As men sels jong is liket alles âld, mar ik tink dat er sa’n 45 à 50 jier wie. In serieuze man der’t men de gek net samar mei hie. Mar elts minske moat sa no en dan syn behoefte dwaan fansels en hy dus ek.

 

“Ik moat earst út ’e broek foardat de broek fol sit”, sei er op in kear. Doe wie der noch gjin sanitêr op it wurk oanwêzich en in tontsje wie dus net samar foarhannen. Oaren diene it wol op in amer yn ’e keet of sa, mar hy net. Hy socht tûk in plakje út. Yn dit gefal wie it sa deun mooglik tsjin in tichte hage oan. Ien fan de manlju hie heard wat der barre soe en slûpte om ’e hage hinne. Hy gie oan ’e oare kant fan ’e hage stean as dêr’t de man syn boadskip delplantsje soe. De broek kaam op ’e knibbels en it ôfleverjen koe begjinne. De man dy’t oan ’e oare kant fan ’e hage stie, hie in skeppe meinommen en stuts dy hiel omsichtich ûnder de man syn gat. Sadwaande kaam it boadskip kreas op ’e skeppe telâne, it hie net better kinnen. Nei in behoarlike ferromming koe de broek wer omheech en nei dy ynspanning woe er wol witte wat er efterlitte soe fansels.

 

Ta syn grutte fernuvering lei der hielendal net wat er tocht dat der lizze moast. Wylst er syn broek omheech helle, wie de skeppe oanlutsen. Sadwaande wie fan ’e skeppe en it boadskip neat mear te sjen. Dat wie foar de bêste man net te befetsjen. Hy hat dêr tiden stien mei de pet yn ’e hân en him ôffrege hoe’t dat merakel te ferklearjen wie. Alle oare wurklju wisten dêrfan fansels en stiene harren te fergriemen, mar de man sels hat de ear oan himsels holden en hat der nea wat fan sein. De man libbet net mear en wy sille dus nea witte wat er derfan tocht hat. En wat der mei it boadskip op ’e skeppe bard is? Ik soe it wrachtich net witte.

 

Sjoerd F Talsma

 

 

 

Tebek nei Ferteltsjes