In Fries
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

 

Ik bin in Fries

Ik bin in Fries

en sis noch altyd

Fryslân boppe

wylst bern op it skoalplein

pappa en mamma roppe

 

Ik bin in Fries

mar stadichoan

jou ik belies

troch ynfloeden fan bûtenôf

en dat is dochs in griis

 

Ik bin in Fries

en tige grutsk

op myn komôf

taal oft skriuwend wurd

mannich is dêrfoar dôf

 

Ik bin in Fries

en bin der wis fan

dat it ea keare sil

it sie plante yn myn bern

mar it makket gjin ferskil

 

Ik bin in Fries

en sil dat bliuwe

fan eartiids oant no stipe

mar feroaringen fâle swier

ik sil it wol nea begripe

 

Sjoerd F Talsma

 

 

Tebek nei Ferteltsjes