Ik bin
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

 

Ik bin

 

Ienris bin ik berne, út myn eigen mem noch wol

myn mem wer út har mem ....ensfh.

ik kin my net betinke dat ik dêr om frege ha

ek net as se mij dêrfoar frege hawwe

ik bin der gewoan as ik dat wol as net, punt út

mar ha ik dêrmei gelok hâwn as just krekt nét

wie it no sa nedich dat ik der ek noch kaam

ik wol net ûntankber wêze hjer, dat nea

mar hie it net better west dat ien fan al dy oaren

der west wie, hokker der no net is om't ik der bin

of is it myn lot miskien, mar wêrom dan just ik

om't ik it hurdste swimme koe ?

soe it tafal wêze kinne dat ik der bin, soe dat wier

kinne? ik ha faak heard dat tafal net bestiet

want as it tafal is, dan bin ik hjir net mei in bepaald

doel en as it al tafal is soe dat wol wat lullich foar

mij wêze wat soe dan wol de betsjutting fan myn

wêzen wêze kinne hat myn wêzen wol in foarôf

stelt doel of hat elts minske syn eigen doel

miskien en moast ik ek op syk nei myn eigen doel

ik bin der fêst kommen om't ik der noch net wie

en no as ik der dochs bin bliuw ik ek noch mar

efkes myn takomst is no dochs al begûn

en dêrmei dus ek myn ferline

want hoe âlder ik wurd hoe mear ferline ik krij

en mei it ta nimmen fan jierren slinkt myn takomst

of oarsom fansels dat kin namentlik ek noch

wat eartiids myn takomst wie is no myn ferline

in minsk leart syn libben lang mear en mear

en as jo in protte witte dan hoecht it net mear

bin jo âld en wiis dan wurdt der net nei jo lústere

de ûnderfining giet omheech en sa ek de leeftyd

alles wat jo leard hawwe giet ferlern

en de folgjende kin wer hielendal op'e nij begjinne

aanst bin ik der west, hjir west en dat wie it dan

myn sykjen nei myn doel hoecht dan net mear

it wie my hjir oars tige nei 't sin dêr net fan

en de sin fan myn libben soe wolris myn doel wêze

kinne mar as ik myn doel berikt ha, hat myn wêzen

dan noch wol sin of soe ik in ûnderdieltsje fan in

grutter doel wêze kinne en soe dêrmei de sin fan

myn wêzen bepaald wêze yn dat gefal is elts ûnmisber

yn myn omjouwing en is myn wêzen ôfhinklik fan in

oar wêzen mei oare wurden, jo binne foar mij in

ûnmisber minske! ik ha jó nedich om myn wêzen in doel

en sin te jaan "Gode zij dank" bin ik efkes bliid dat jo

der ek binne dit kin gjin tafal mear wêze, gelokkich mar!

 

Sjoerd F Talsma

 

 

Tebek nei Ferteltsjes