Ien winsk
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

 

Ien winsk

 

 

De ierde wie sûn de ierde wie moai, skjin en fitaal der makearde hielendal neat oan. WIE kin ik better sizze. No is de ierde wolris yn disoarder hjir en dêr en fertoand it ùtputtings ferskynsels. “Mar ik fiel my noch sa jong” sei de ierde tsjin it wetter. “It is al lang net mear sa as it wie”, sei de snie der fuort efteroan.

“De minsken hakje, kappe, stekke, boarje en fersmoargje” sei it bosk.

“Wy bin altiid freonen west, helpe elkoar wer as mar kin en hâlde rekken mei-inoar sadat wy it goed ha en jo gelokkich binne” sei it wetter tsjin de ierde.

“Ja”, sei de ierde “jim ha gelyk, mar ik kin hjir neat oan dwaan.”

 

De ierde wie der suver in bytsje mismoedich fan.

“Kin it no wier net oars”, sei de droege woestyn tsjin de wyn “hoe kin wy de ierde helpe, sa dat de ierde wer fleurich wurdt en goed yn it fel sit.”

“Ik wyt it net” sei de wyn en soe fierder waaie.

“Ho, ho, jo moatte ús helpe” sei it iis “oars binne wy der aanst net mear.” De wyn dy kaam werom en seach nei it iis, it wetter, it bosk, de berch en'e snie en wist wol werom 't hja sa yn'e put sieten.

 

“Jimme wolle graach dat ik jimme help, hin?” sei de wyn suver út meilijen. “No, miskien kin ik jim wol helpe” sei de wyn tsjin it iis, it wetter, it bosk, de berch en'e snie “mar dan moast de ierde my wol helpe, want de ierde hat in geheim, en as de ierde my dat geheim jout dan wol ik jim wol helpe.” De wyn wist fan it geheim fan'e ierde want de wyn is oeral.

“O, dat sil de ierde fêst dwaan” seine it iis, it wetter, it bosk, de berch en'e snie yn koar.

“No ik wyt it sa krekt noch net mar as dat sa is dan sil ik myn bêst foar jim dwaan” sei de wyn en waaide fierder.

 

It iis, it wetter, it bosk, de berch en 'e snie seinen tsjin de ierde

“Wat kin wy dwaan ierde, om jo te helpen en wolle jo de wyn helpe mei jo geheim?”

“Tsja,” sei de ierde “ik ha wol in geheim mar dat kin ik mar ien kear wei jaan en ik wyt net wa as dat it bêste tabetroud is.”

“De wyn, de wyn, jou it de wyn” rôpen it iis, it wetter, it bosk, de berch en'e snie tagelyk, net wittende wat it geheim ynhâldt “de wyn is oeral en sil ús helpe.”

“Goed, goed” sei de ierde “as ik ús dêrmei helpe kin dan jou ik de wyn myn geheim.” It iis, it wetter, it bosk, de berch en 'e snie wiene tige optein mei dit moaie berjocht en rôpen de wyn om te kommen. De wyn hie alles allang heard fansels en kaam rêstich oanwaaien.

“De ierde wol jo it geheim wol jaan” seine hja.

“Is dat wier” sei de wyn tsjin de ierde.

“Ja” sei de ierde “ik ha besletten om jo myn geheim te jaan.”

 

“Kom mar op mei it geheim” sei de wyn laitsjend.

“It geheim dat ik ha, is dat ik ienris in winsk wei jaan mei, ien winsk en ien kear, mar ik mei sels de winsk net dwaan spitich genôch. Ik moast der allinne foar soargje dat de winsk yn wize hannen teloane komt en wy ha mei-inoar besletten dat jo de winsk krije moatte.”

“Tige tank” sei de wyn “it is ien winsk en ik mei winskje wat ik wol?”

“Ja” sei de ierde “jo meie winskje wat jo wolle en jo winsk komt dan út.” “As dat wier is” sei de wyn “dan wol ik der earst fûleindich oer neitinke oer wat ik winskje sil.”

“Dat is goed” sei de ierde “mar jo moatte dy winsk yn in wike oan my fertelle en net letter.”

“Dat komt klear” sei de wyn en de wyn waaide nei de allerfierste úthoeke fan'e wrâld om nei te tinken.

 

“Ik bin tige benijd, want wat soe de wyn winskje” sei it bosk “ik tink fan suvere lucht want der is wol ferlet fan by ús tinke jim ek net?”

“As't it my fregest” sei it iis, “dan krije wy froast en net te min hoopje ik, dan kinne wy de skea wat ynhelje.”

“Sa tink ik der ek oer” sei de snie “dy waarmte en droechte kin wy misse as pine mûle.”

 

De droege woestyn hie noch net sa folle sein hie him wat ôfsidich holden oant no ta mar woe wol wat wetter ha en seach nei it wetter.

“It soe moai wêze as ik in ferbûn slúte koe mei it wetter” sei de woestyn droegjes. Se kamen der net út. De iene woe dit en de oare woe dat de wyn harren kant helpe soe. It wie in swiere opjefte foar de wyn, mar eltsenien wie der fan oertsjûge dat de wyn harren winsk út komme litte soe.

“As jimme jim sin krije wurdt it oarloch” sei de snie.

“Wetter is tige wichtich en hat in heech oansjen, want sûnder wetter is der neat” sei de woestyn en der hat de woestyn gelyk yn fansels.

“Ja” sei it wetter “ik ha de soarch foar fisken en blommen en alles wat waakst en bloeit.”

“Mar ik hâldt it wetter fêst” sei it iis en wylst dy dat sei kaam de wyn der oan.

 

De wyn hie swier neitocht oer wat hy winskje soe mar wie der net útkommen. It spande der om want wat soe de wyn winskje, soe hy kieze foar de snie of it bosk of dochs mar ........ De wyn spruts de ierde oan en sei “Kin ik noch in wike krije om nei te tinken? Want wa moast ik no helpe as ik mar ien winsk dwaan mei, as ik de iene help is de oare lilk en as ik de oare help dan is de iene lilk op my.”

“ Nee” sei de ierde strang “ôfspraak is ôfspraak en ien wike bliuwt ien wike dat witte jo ek wol en dy wike is no om.” It waard ynienen stil, sels wynstil. De wyn tocht wer nei, noch hurder dan ea tefoaren en wie der ynienen út, hoe wie it mooglik. “No dan wyt ik it wol” sei de wyn no op gemak “dan winskje ik ....” It iis, it wetter, it bosk, de berch de snie en de droege woestyn wiene yn grutte spanning “Toe no wyn sis it no” rôpen hja yn koar.

“Dan winskje ik .... eh, myn winsk is dat ik fuortoan winskje kin wat ik wol, wol tûzen winsken en noch folle mear” sei de wyn tsjin de ierde “dat is myn winsk en lit dy no mar útkomme.”

“Dat is goed” sei de ierde “jo winsk sil útkomme.”

 

Hja fûnen it allegearre in hiele wize winsk fan de wyn, hoe hie der it sa betocht. “Sa, no kin ik jim allegearre helpe en om te begjinnen meie jim elk ien winsk dwaan” sei de wyn en wie sichtber tige optein mei de winsk dy't hy dien hie.

 

De wyn fielde him no tige wichtich fansels. “Wer sil ik ris mei begjinne om te winskjen” sei hy.

“Mei my” sei it iis, “lit it mar tige frieze sadat ik wat oansterkje kin want der is noch mar sa'n bytsje iis.”

“Ja, dat is wol goed foar de ierde” sei de wyn. “Komt goed” en it iis sterke oan en waakste en waakste.

 

“No bin ik oan bar” sei de berch “ik bin fan boppen sa keal, it is gjin gesicht dus lit der mar beammen op waakse.”

“Dat is ek wol goed foar de ierde tink ik” sei de wyn.“Sa sil it komme“ sei hy en de bergen hiene gjin keale plasse mear.

“Ik wol mear snie“ sei de snie “foaral op de Noardpool mar ek wat op 'e Súdpoal fansels want wat is de Súdpoal no sûnder in protte snie.”

“Ja, dat is fêst goed foar de ierde” sei de wyn. “It komt allegearre klear” sei dy en sûnt dy tiid snijde it omraak op beide poalen.

“Jou my mar in hiel protte wetter” sei de droege woestyn “sadat ik grien wurd fan blommen en beammen.”

“Dat is tige goed foar de ierde” sei de wyn en fan dy tiid of reinde it pypestâlen yn 'e woestyn en waard alles grien.

 

“It giet mar goed” sei de wyn “dit is moai om te dwaan om it eltsenien nei't sin te meitsjen, boppedat ha ik no winsken genôch.”

“Help my dan mar om skjin te wurden“ sei it wetter hiel sêft, want ik fiel my sa smoarch as it mar kin.”

“Ja, dat is wol goed foar de ierde” sei de wyn en hy winske dat it wetter yn seeën, marren en rivieren skjin wêze sil.

“Mar der is noch mar sa'n bytsje wetter” sei it bosk tsjin de wyn.

“Ja, dat sjoch ik no ek” sei de wyn “it wetter is no snie en iis en it reint noch hyltiid yn 'e woestyn.”

“As it sa troch giet dan kin de fisken net mear swimme de bisten net mear drinke en hâldt it op fan reinen” sei it bosk “en dat is net goed foar my en de hiele ierde of wol soms.”

“Jo ha gelyk bosk, mar ik kin der neat mear oan dwaan” sei de wyn.

“Ik wurd hjir ek net blier fan en krij in kâlde holle en fuotten” sei de ierde hokker him ek soargen begûn te meitsjen. It iis, de snie, de berch en de woestyn hiene it tige nei't sin en woene net wer oars. “Aanst is der gjin wetter mear om it bosk waakse te litten” sei de ierde “en bliuwt der neat mear oer om te winskjen.”

 

“Dat kin ús neat skele” seine it iis, de snie, de berch en de woestyn “wy ha it goed en dat moat sa bliuwe.”

“Mar it bosk soarget foar soerstof foar alles wat sykhellet” sei de ierde lilk, mar krige gjin gehoar. “Wat sille jo winskje” frege it bosk oan de wyn “want jo meie om my no jo winsk wol dwaan”.

“Myn winsk is al útkommen” sei de wyn “it geheim fan de ierde ha ik krigen en no ha ik fan allegearre de measte macht, wat kin ik no noch mear winskje.”

 

“Jou my dan al dy winsken mar” sei it bosk tsjin de wyn.

“Gjin sprake fan” sei de wyn, “ik ha de winsken en dy hâld ik, punt-út.” “Hâlde jo jo altyd oan jo wurd?” frege it bosk oan 'e wyn.

“Altyd” sei de wyn “der stean ik bekend om, hoesa.”

“No”, sei it bosk “ik ha ek noch in winsk en ik wol der wis fan wêze dat myn winsk útkomt.”

“Sis it mar” sei de wyn “en jo winsk sil útkomme.”

“Goed”, sei it bosk “as ik no ris winskje dat it nea wer waait en dat der gjin wyn mear wêze sil dy't ús beammen omwaaien docht, dan binne dy winsken dy't de wyn no hat, foar my fansels en dan kin ik winskje wat ik wol.”

“Sa is it mar krekt” sei de ierde.

“Ja doch dat mar” sei it fertutearze wetter.

“Mar ik kin ek net sûnder wyn om my hinne” sei de ierde.

 

De wyn waard tige benaud en begûn te gûlen. Hy stoarme oer de ierde fan lilkens, want altiid wynstil, hy moast der net oan tinke. It iis, de snie, de berch en de woestyn seagen it gefaar ek en foeterden op it bosk dat it bosk dat net dwaan moast, want dan rekken hja harren winsk miskien ek wol kwyt. De freonen fan earder hiene rûzje. Foarhinne wie it altiid goed west en hie elts it nei't sin. “Werom giet it no net mear goed mei ús” woe it bosk witte.

 

“Dat is de skuld fan it wetter” sei de woestyn grimmitich.

“De minsken” sei it wetter “de minsken fersmoargje my, it bosk en sawat alles op ierde.”

“Dat is wier” sei de wyn “ik bin ek net sa skjin mear en wol gauris ferkâlden.”

“Soe dat sa wêze?” sei it iis dat sa njonkelytsen de heale ierde beduts. Allinne it bosk hie dus noch in winsk en sei:

“Dan winskje ik dat alles wer sa wurd sa as it wie as foar al dy winsken en winskje dat de minsken better oppasse, dan ha wy gjin winsken mear nedich.” Der wie elts it wol mei iens.

“Mar dan gean al myn winsken dus ferlern” sei de wyn.

“Ja”, sei de ierde “jo hiene ien winsk en dat hie genôch west, mar jo woene mear en jo kinne sjen wat noch mear teweech bringe kin, faaks komt fan noch mear hawwe wolle allinne mar ellinde. De wyn skamme him suver mar moast it wol tajaan. It bosk sei syn winsk en de wyn sei

“De winsk sil útkomme en it sil wurde sa as it wie, mei gjin winsken mear en mei minsken dy't better op ús passe.” Dat hie de wyn moai sein en mei dy winsk koe eltsenien it wol iens wêze. Fan doe of oan wie alles goed en hie nimmen mear wat te winskjen.

 

Sjoerd F Talsma

 

 

Tebek nei Ferteltsjes