Hynsteblommen
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Hynsteblom

 

moaie giele foarjiersblom

faaks ta ûnkrûd skikt

beleave en ferwinske

foar it measte net geskikt

 

dochs jout it net belies

in metamorfoaze blom

want ienris útbloeid

wurdt it griis fan âlderdom

 

dan is't in dwarreljend plúske

in sjute mei in siedsje der oan

hûndert út sa'n pluzich boltsje

foar it neiteam hiel gewoan

 

sa no en dan sil it ierdzje

mar twivel docht it wer rizen

it swevet as weaget it neat

it hat it stee foar útkiezen

 

ienris is it hikke en tein

is it foar it kommend foarjier

de garânsje foar in giele see

en dat stiet ek wol wer blier

 

 

Sjoerd F Talsma

 

Tebek nei Ferteltsjes