Hjerst
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Hjerst

 

keale beammen mei âlde nêsten

ferwaaid nei it easten

harren opsmûk allang fersille

en foar fûgels gjin skûl romte mear

 

hja stean dêr no neaken

de wyn wol syn muzyk dêr spylje

it jammerjen fan in fioele

elts jier op 'e nij, eltse kear

 

mar troch in ûnsichtbere wekker

sil it libben wer opstean

út in lange lange wintersliep

it ramt foar de maityd stiet dan al klear

 

Sjoerd F Talsma

 

Tebek nei Ferteltsjes