Fyftich jier
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

 

50 JIER

 

 

Sliepelease nachten, aanst fyftich jier

midlifecrisis, yn'e oergong saneamd

âlder wurde mei faaks griis hier

 

it sil allegearre fansels op mij ôfkomme

"op leeftyd" it komt der oan en panyk

wer binne dy 50 jier bleaun ferdomme

 

de krupsjes wurde no mear yn tol

ek de soargen oer de bern en bernsbern

gean de dagen no hurder of is dat tafal

 

hja sizze, jo binne sa âld as jo jo fiele

mar ek dat wurdt minder stadichoan

en op bêd is it ek noch mar wat oanpiele

 

stram en stiif en allang net sa linich mear

dat wie foarhinne wol oars moat ik sizze

no docht mij gauris alles en noch wat sear

 

de eagen ha no help nedich bij it krantsjen

it hier waakst wert ik it leaver net ha wol,

en op oare plakken mei ik wol oant plantsjen

 

"jo binne al oer de helte" sizze al dy oaren

"noch mar safolle der bij", sei ek immen tsjin mij

it soe om mij wol kinne, mar dan efstertefoaren

 

ik sit no oars as foarhinne gâns rommer yn é hûd

sa moat it fel hjir en dêr nedich oanskuord wurde

en 't is krekt as jout alles stadichoan minder lûd

 

foar it oare geslacht dochs noch each yn gemoed

mar ik wol net graach wer op'e nij begjinne

want sjoch ik nei wat ik ha, dan is 't mij sa wol goed

 

yn dreamen kin ik mij noch mjitte mei in jong fint

mar oerdei bliuwt dêr spitigernôch neat fan oer

rêstich bliuwe jonge, foar't de fut der hielendal útrint

 

jo binne earder rekke as it net giet nei ferstân

it swit rint der makliker út, en meastal om neat

soms fljocht it mij samar oan en rint it út 'e hân

 

sjoch sa, lang om let, it libben boppe 50 jier

it sil jo wol foarby gean want jo binne noch sa bêst

mar ha gjin noed, ek foar jo komt it ea safier.

 

Sjoerd F Talsma

 

Tebek nei Ferteltsjes