Fuotprinten
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Fuotprinten

 

 

Op in nacht hie in man in dream. Hy dreamde

dat hy mei God op it strân rûn. Yn'e loft seach hy

flitsen fan syn libben foarby kommen.

Yn elk byld seach hy twa pear fuotprinten yn it sân,

twa fan himsels en twa fan God.

Doe't de lêste sêne fan syn libben foar him ôfspile, seach

hy efterom nei de fuotprinten yn it sân. Hy seach dat dêr

mannich kear op it paad mar ien pear fuotprinten te sjen

wiene en hy seach ek dat dat krekt wie op mominten dat it him

tsjin siet yn it libben. Dat siet him tige dwers en hy frege

de Here God dêroer. "Here" sei er "Jo seine tsjin my dat as

ik Jo folgje soe, Jo altyd by my wêze soene. Mar yn'e muoilikste

tiid fan myn libben sjoch ik mar ien pear fuotprinten

yn it sân. Ik begryp net dat doe't ik Jo it meast nedich hie,

Jo my ferlitten ha."

De Here sei: "Myn dierbere en leave bern,

Ik hâld fan dy en soe dy nea allinnich litte.

Yn de muoilikste tiid fan dyn libben, sjochst mar

ien pear fuotprinten, dat wie nammentlik yn'e tiid

dat ik dy sjoude."

 

Auteur my net bekend, ik ha de oersetting fanút

it Ingelsk.

 

 

Tebek nei Ferteltsjes