Foarútgong
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Foarútgong

 

 

At je wat âlder wurde dan sjogge je wol ris efterom

hoe as it wie doe't je noch jong wiene. Doe wie

alles oars fansels en yn guon gefallen better

neffens je gefoel. Dat sil wol net sa wêze

en it heard faaks by it ynsicht fan de foarútgong tink ik.

Al dy nije dingen ek, hokker je faaks net begripe kinne.

In kompjûter bygelyks is in wûnder foar my op sich en it

is net te begripen hoe as dat ding wurket.

 

Op in jierdei hie ik in petear mei de berns bern dat

it wol hiel bysûnder en fernuftich wie dat in

mobyltsje sa folle kin, sa as skilje, sms´e en ek

noch op ynternette ensfh. Dy bern prate der oer as is it

de gewoanste saak fan wrâld en dogge krekt as dat se it

folslein begripe. Ik net, ik snap der neat fan, dat it

wurket klear, dat is moai fansels mar it is knap

dat soks allegearre betocht wurdt.

 

No ha ik de gewoante om dingen dy´t ik ris

kocht ha, net sa gau fuort te smiten en dus krije

je stadichoan mear en mear âlde rommel.

Op in kear hie ik in âlde grammafoanspiler op´e hispel,

want dat fyn ik moai guod en dat kin ik ek begripe.

Doe´t ien fan´e pakesizzers my der sa mei dwaande

seach sei ik dat soks noch net iens sa lang lyn brûkt

waard om muzyk ôf te spyljen en sette it ding

oan it draaien. Der gong in wrâld foar him iepen.

 

Dat dêr muzyk yn dy groefkes siet, dêr koe der

net by en dy dingen hoechden net iens yn in laadsje

treaun te wurden.

Letter kaam it wer ris sa ter sprake oer de

muzyk en sa sei ik dat ik eartiids ek in soart muzyk

ôfspile. Ja, sei ien fan´e pakesizzers, ” Pake hat swarte

CD´s en je kinne se oan beide kanten brûke”.

En sa is it mar krekt.

 

Sjoerd F Talsma

 

 

Tebek nei Ferteltsjes