Flessepost
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Flesse post

 

 

Ik ha alris in berjochtsje stjoerd

in lyts papierke mei de flesse post.

Ik woe freonen meitsje fier fuort,

samar en omdat it neat kost.

 

Ik ha de flesse yn see smiten

mar ik krige dêr gjin antwurd op.

Doe ha ik in beslissing nommen,

dan kies ik sels wol it romme sop.

 

Ik kroep yn in grutte flesse

it bôletrompke en fleske kola mei.

Sa driuwde ik de oseanen oer,

oant ik op in strân stil lei.

 

Ik krûpte gau út myn flesse wei

en seach oare flessen op it strân.

Mei dêryn in boartskip foar de fynder,

it binne groetenissen út in frjemd lân.

 

Ik sammele alle papierkes

en skreau de stjoerders oan.

No krij ik in hiel soad freonen,

want ik stean gauris op it flesse strân.

 

Sjoerd F Talsma

 

 

Tebek nei Ferteltsjes