Finzenis
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

 

Finzenis

 

Boerkafinzenis

ferskûle achter in lapke

degradeard ta silhûet

en dat is gjin grapke

 

de wrald skôgje

troch in ferflokt kierke

bekoarlikens ferstoppe

en nea in fertierke

 

tirannen yn spé

yn ûnderdienichheid

om mannen te hoedzjen

foar ûnseedlikheid

 

it net duldzjen

fan gelikens geslacht

is foar de gebieder

swakkens fan macht

 

 

 

Sjoerd F Talsma

 

Tebek nei Fertelstsjes