Fertsjinne lui
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

 

Fertsjinne lui

 

 

skommeljende hingelmatte

lui, fertsjinne lui

sinne op en ôf

wolken glydzje nei it noarden

klam en soel

 

fûgels fleane nutteleas oer

in mich dy't my pleaget,

syn libbensdoel

wat in drokte

 

lui, fertsjinne lui

it libben is swier

ik nedigje help, want

myn mobyltsje stiet op

“standby”!

 

 

Sjoerd F Talsma

 

 

Tebek nei Ferteltsjes