Ferkearde sokken
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Ferkearde sokken

 

 

As myn frou en ik earne hinne moatte dan is

it meastal in hiel ritueel bij de wasktafel want

jo moatte al netsjes de doar út no. Lêsten moasten

wy ek fuort. It giet der allegearre noch in bytsje

âlderwetsk oan ta by us, frou/man, man/frou wy

ha elts sa ús eigen taaken yn en om hûs, fandêr.

 

At ik dan freegje om in pear skjinne sokken dan

pakt myn frou dy foar my. No hie se bij fersin twa

ferskate sokken byinoar dien en ik sjoch meastal de

aardichheid der wol fan yn en ha se gewoan oanlutsen.

Dêrby ha ik de skuon útsocht hokker by de sokken

passe en lei de skuonnen op'e kachel want dan kin

dy in bytsje opwaarmje foar dat ik se oan'e fuotten doch.

Twa ferskate skuonnen leine dus op'e kachel, ek om

myn frou in bytsje út te daagjen fansels, yn'e hoop

dat se der wat fan sizze soe.

 

En ja hear, se sei: “Silst do dêr op fuort jonge, sjochst

wol dat dat ferskate skuonnen binne?” "Eh, jaah dat wyt ik,

mar dat sil wol moatte", sei ik, "want ik ha fan dij ek twa

ferskate sokken krige en bij de iene kleur ha ik meastal

dy ljocht brune skuon oan en by de oare de swarten."

 

“Ik wyt sa stadichoan wol das't net doogst mar om dat

oan eltsenien sjen te litten giet wol wat fier, fynst sels

ek net? Mar do moast it sels mar witte” sei se.

Ja, dit antwurd kaam net oerien mei myn ferwachting en

wat moast ik dêr op sizze, ik hie tocht in bytsje foldwaning

te krijen fan dit grapke mar dat slagge net, en no lei de

bal wer bij mij.

 

Ik mei myn frou ek net sa pleagje, dat wyt ik wol,

mar it libben is oars ek sa ientoanich, mar dit foel net

hielendal goed, en ik ha mar belies jûn en myn frou mar

frege om de goeie sokken. Want ik gean fansels net

op twa ferskate sokken en skuon fuort, ik bin net

alhielendal gek.

 

Sjoerd F Talsma

 

 

Tebek nei Ferteltsjes