Ferjitlik
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

 

Ferjitlik

 

Anke hat fertriet want beppe is syk

en dat fynt se ek sa sneu foar pake.

Mar oan pake sjocht se neat

se hearde krekt noch dat hy lake.

 

Is pake der net fertrietlik oer

woe Anke hiel graach witte.

Jawis sei pake, fansels ha ik fertriet

mar ik kin dat net bêst merke litte.

 

En dêr ha ik in foefke foar

sjoch, der sit in spiker yn'e planke

dêr hingje ik myn soargen oan op.

Dat sei pake fêst út'e gek neffens Anke.

 

At ik dan letter wer ris sjoch

dan hingje der net sa folle mear

want ik bin meastal fergetten

wat ik ophongen ha, de lêste kear.

 

Do silst sjen dat it helpt

besykje it sels mar ris.

Mar pake is âld en sa ferjitlik

en mei ûnthâlden is wat mis.

 

Anke woe pake wol helpe

se sei tsjin har sels op in dei;

at pake wer wat oan'e spiker hinget

dan helje ik it der gau wer wei.

 

Sjoerd F Talsma

 

 

 

Tebek nei Ferteltsjes