Fata morgana
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

 

Fata morgana

 

pecunia is troch syn skonken sakke

de hoeders wurde tramtearre

om't hja der neat fan bakke

 

it fatamorgana is oplichte

wurdt nea wer as foarhinne

hokker dief wurdt betichte

 

wa sil ieuwich takken sjouwe

loftsom of rjochtsom

it sil him immer berouwe

 

argewaasje rûnom

wa sil alles earlik ferdiele

dogge hja sels in stapke werom

 

oer fiiftich jier skiednis

foarút of efternei

is de wichtigens lang net wis

 

Sjoerd F Talsma

 

 

Tebek nei Ferteltsjes