Farsk gers
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

 

 

Farsk gers

 

op 'e rêch, yn it farske gers

stoarjend nei loft en sinne

tink ik nei oer myn libben

foaral oer foarhinne

wylst ik hjir langút lis,

myn longen fol sûch

mei suvere maitiidslucht

wurdt ik tige slûch

ljurken hongen boppe my

doe't ik de eagen wer iepen die

en wie der gâns tiid ferrûn

sûnt ik se ticht dien hie

dêryn hie ik in dream

dat ik yn farsk gers lei

doe yn sliep fallen bin

en dreamde sa de tiid wei

 

de wyn aait myn lichem

sa as de tiid myn foarhinne

ik stean op út it gers

en wol myn dream útrinne

dan stean ik neist myn bêd

de geur fan farsk gers yn 'e noas

en dat is tige heilsum

want ik ha sliept as in roas.

 

 

 

Sjoerd F Talsma

 

Tebek nei Fertelstsjes